De ‘Wichter’ is in frucht wêrfan’t de ôfkomst fragen opropt. Guon minsken tinke dat de ôfkomst fan de ‘Wichter’ fanwegen de fermiend Nedersaksyske namme eventueel út Westfalen wêze kinne soe. En hy soe dan mooglik troch marskreamers en ‘hannekemaaiers’ hjir hinne brocht wêze. Yn ôffal út de terpsoalen fan terpen yn Westergoa binne pitten oantroffen dy’t sterk op ‘Wichterpitten’ lykje (Jaap Scheffer Winsum). Mooglik is de ‘Wichter’ al yn de Romeinske tiid yn Fryslân belâne. De taal hoecht gjin barriêre foar it Frysk wêzen fan de ‘Wichter’ te foarmjen. It is bekind dat allegearre foarmen fan de ûndersoart Prunus domestica subspecies insititia (dêr’t de ‘Wichter ek ta heart) ek yn it hjoeddeiske Dútslân en yn Frankryk foarkomme. De Zibarte yn Dútslân en de Mirabelle yn Frankryk binne hjirfan foarbylden. Dat in Dútsk klinkende namme hjir telâne kaam is, is dan ek alhiel net frjemd. Dêrneist hawwe it Nedersaksyske en it Fryske taalgebiet al ieuwen lang mei inoar ferweven west. Sels hjoeddedei lizze der noch twa Nedersaksyske taal-enclaves yn ús Westerlauwersk Fryslân. It kaartsje1 lit dizze gebieten sjen en toant ek dat De Wâlden moai yn de earms fan dizze Nedersaksyske buorfrou lizze. Yn East-Fryslân en yn Noard-Fryslân jildt fansels itselde: oer in lange tiid in grutte ferwevenhyd mei it Nedersaksyske taalgebiet.
Dat de ‘Wichter’ hjir mooglik troch marskreamers en ‘hannekemaaiers’ (mieren of poepen) hinne brocht wêze soe leit om ferskate redenen net foar de hân. Om te begjinnen hienen dizze minsken net safolle by de earme Wâldboeren te sykjen en dat is no wol krekt de hoeke mei de Wichterbeammen. In Wichterbeamke dy’t sa maklik ferwylderet hat net folle ekonomyske wearde en sil dan ek net sa gau troch in marskreamer as hannelswaar oer lange ôfstannen meinommen wurde. En dat moast ek noch yn’e winter barre, yn in tiid dat de wegen hast net begeanber wienen. Dizze wei liket foar de ‘Wichter’ dan ek net foar de hân te lizzen. Dat se de F. Herder meinamen leit aardich mear foar de hân en dit foar de Wâldpiken wichtich stik ark hie wierskynlik aardich mear handelswearde dan in Wichterbeamke en naam minder romte yn op de lange reis út Solingen yn Nordrhein-Westfalen wei (Kaartsje 2). Dan it tiidstip fan de trek fan de mieren (hannekemaaiers) nei Westerlauwersk Fryslân. Dit moat moai wis yn de tiid west hawwe dat de ûngetiid begûn en dat wie begjin july; lit ús sizze dat se ein juny op paad wienen. Ein juny binne der gjin ripe ‘Wichters’ te besetten, dat dan soenen de mieren Wichterpitten fan in jier earder yn’e bûse moatten hawwe om se hjir hinne te bringen. Fansels yn’e foarûnderstelling dat dy hjir goud wurdich wêze soenen. Dit liket my net in logysk senario ta.
In beamke meinimme wie noch lestiger. We meie er fan út gean dat dizze ‘gastarbeiders avant la lettre’ net yn’e koets mar te gean nei ús kontreien kamen. Om in beamke mei te nimmen soe it nedich wêze om al yn’e winter in eksimplaar yn in pot te plantsjen. Dizze plant soe dan yn juny mei blêd deroan yn’e rânsel meinaam wurde moatte en ûnderweis ek noch geregeld boarnd wurde moatte om him levend yn Fryslân te krijen. In moai byld mar ek dit senario liket net realistysk te wêzen.
No besjogge we de saken ris oarsom yn de tiid en yn de mooglikheden.
Ein augustus wie it wurk yn De Greidhoeke klear en lutsen de mieren mei it fertsjinne jild troch De Wâlden werom nei harren Heimat. Dat dit net altyd goed gie en dat se wolris mei ferkearde lju mei in F. Herder yn oanrekking kamen bewize de poepekrúsen dy’t we yn’e Noardlike Wâlden noch altyd fine kinne. Oeral ûnderweis stienen Wichterbeammen yn folle fruchtdracht en net ien Wâldpyk makke der beswier tsjin dat se hjir en dêr ris kamen te hôfkesjongen. Fansels wienen dy ‘Wichters’ wol ris wat oerryp en it is dan ek net raar dat ús gastarbeiders wierskynlik wol ris in bytsje boppe harren teewetter rekken. En dan dreamden se grif lûdop fan de Schöne Wichter dy’t thús op harren wachten. De Wâldpiken dy’t dat hearden tochten fansels dat se it oer de fruchten hienen en omdat alles wat eksoatysk is altyd better is rekke dy namme sa stadich oan yn’e moade. En waard sa gewoan dat no net ien mear wit hoe’t de âlde Fryske namme ek mar wie. En de mieren namen de pitten fan de hearlike Streekprodukten út De Wâlden dy’t harren tinke lieten oan de Schöne Wichter as souvenirs mei nei Westfalen.
Dit is it wiere ferhaal fan de ‘Wichter’, optekene troch Jan fan Knilles en Jo op tritich Desimber fan it jier twatûzen en acht.
Bron: Stichting Wrâldfrucht
De gebruikte foto op deze pagina mochten wij gebruiken van Fries Landbouwmuseum (foto: Klaas Uilkema) en is afkomstig van een expositie van Hannekemaaiers en Lapkepoepen.